Takom winter reedride, seit Piet Paulusma

31 okt 2017 - 19:54
Ride by Earnewâld - Foto: Omrop Fryslân, Anne Jan de Jong

It wurdt in winter mei in grillich karakter. It wurdt sa kâld dat der ek riden wurde kin. Dat ferwachtet waarman Piet Paulusma. Hy giet der fanút dat der dizze winter minstens ien echte winterperioade komme sil. De kâns op snie is grutter as de ôfrûne jierren, al kinne dêr regionaal wol grutte ferskillen yn optrede, seit Paulusma.

Trefwurden: 
winter Paulusma reedriden
(Advertinsje)
(Advertinsje)