Haachske "skjinmakker" moat de sel yn om Berltsumer drugslab

31 okt 2017 - 19:47
Foto: Postema Media

Ien fan de beide mannen dy't ein juny yn Berltsum oppakt is yn in loads mei drugs, hat in selstraf krigen fan 31 dagen, mei dêrboppe-op 69 dagen ûnder betingst en in wurkstraf fan 180 oeren. De selstraf is likelang as it foararrest. It giet om in 34-jierrige man út Den Haag. Mei in stedgenoat soe er speed makke hawwe yn de loads.

De man sei tsjin de rjochter dat er allinne mar yn de loads wie om skjin te meitsjen. De rjochter leaude dêr neat fan. De man hie wyt poeier op de klean, en op in gesichtsmasker wie syn DNA fûn. Neffens de rjochtbank hie de man net in hiel grutte rol yn de drugssaak. Syn 39-jierrige kompaan moat noch foar de rjochter komme. Dat soe twa wiken lyn al, mar trochdat de advokaat siik wie, gie dat doe net troch.

Trefwurden: 
Berltsum drugs
(Advertinsje)
(Advertinsje)