Nije guozze-oanpak skoot op

31 okt 2017 - 17:42

De nije guozze-oanpak fan de provinsje Fryslân skoot op fan 1 novimber oant 1 jannewaris 2018. De nije guozze-oanpak bestiet ûnder oare út it ferjeien en ôfsjitten fan mear guozzen troch Goose Busters, spesjale ferjei-teams. It doel fan dy oanpak is om de skea troch guozzen op syn minst 5 persint tebek te kringen.

De reden fan it útstel is dat it fêststellen fan it saneamde faunabehearplan yn oerlis mei jagers, boeren en natuerorganisaasjes mear tiid kostet. Deputearre Johannes Kramer fynt it útstel wol spitich, mar seit dat in breed draachflak foar de nije guozze-oanpak ek fan grut belang is.

Foar de perioade oant 1 jannewaris jildt no noch de âlde guozze-oanpak. Dy oanpak betsjut dat jagers tusken it opgean fan de sinne oant ien oere foar it ûndergean fan de sinne guozzen ferjeie meie. De provinsje stelde in pear wike lyn de opfangplakken foar guozzen fêst. It tal beskikbere hektares waard doe werombrocht fan 23.000 oant 21.000 hektare. Yn dizze gebieten wurdt de skea foar 100 persint troch de provinsje fergoede.

(Advertinsje)
(Advertinsje)