Offisier easket sel, jild en behanneling foar oplichter

In man út Grins stie tiisdei foar de rjochter foar in tal oplichtingssaken. De man hat yn tal fan hotels en bêd en brochjes sliept en iten sûnder te beteljen. Ald-Omrop Fryslân presintatrise Dieuwke Kroese wie ien fan syn slachtoffers. Ek hat er him as dokter foardien by in slim sike man en dy jild út de bûse praat. Neffens in psycholooch mist de man in gewisse en hat er gjin empaty mei oaren.
De offisier fan justysje easke in selstraf fan 180 dagen ûnder betingst. Ek soe de man him behannelje litte moatte en ûnder tafersjoch fan de reklassearring komme. Ek moat er it jild dat er mei syn kriminele aktiviteiten fertsjinne hat, werombetelje oan de steat. Dat is in bedrach fan goed 13.000 euro.