Beroppefoarljochting op Drachtster basisskoalle

31 okt 2017 - 16:59

Bern út de groepen sân en acht fan basisskoalle 't Tweespan yn Drachten krije help by it útfinen fan wat se letter wurde wolle. De skoalle hat him oanmeld foar IMC basis. Yn dat lesprojekt wurde minsken fan bûten frege wat te fertellen oer har wurk. De bern krije sa in goed idee fan wat der allegear te dwaan is en wat leuk en minder leuk is oan it berop.

Yn Drachten begjint it mei sjoernalistyk. Nei in ynlieding fan trije sjoernalisten krije de bern de opdracht in ferhaal te meitsjen yn in winkelsintrum yn Drachten. Meikoarten komme ek minsken út de soarch en oare beropsgroepen lâns om de bern te fertellen oer har wurk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)