Famylje wennet al 16 jier yn unit achter hûs yn Kolderwâlde

31 okt 2017 - 16:04

Al 16 jier wennet de famylje De Vries yn in wenunit achter har nijbouhûs yn Kolderwâlde. De oarsaak is in fundearring dy't mar net goed makke wurdt. Al fan 2001 ôf lizze se yn 'e clinch mei boubedriuwen en de gemeente. Al in stik as tsien rjochtsaken hawwe plakfûn yn al dy jierren, mar de flier leit der noch net yn. 

Skjin oan ein

De famylje is skjin oan ein en driget no ek út de wenunit set te wurden. De gemeente De Fryske Marren wol dat se der foar 15 novimber út binne en dat de steancaravan mei oanbou der dan wei is. Geart en Afke de Vries wolle dat net en hoopje dat de flier no lang om let in kear goed ôfmakke wurdt. In tredde boubedriuw is der no mei oan de gong. De gemeente seit lykwols dat se genôch dien hawwe en besocht hawwe mei goeie oplossingen te kommen. 

Yn in skriftlike reaksje lit de gemeente it folgjende witte:

De familie bewoont op dit moment woonunits en deze staan daar zonder vergunning. Een vergunning kan ook niet verleend worden dus moet de gemeente handhaven. De belangen die spelen bij de familie zijn ons duidelijk. De gemeente heeft daarom de familie alle hulp en mogelijkheden geboden om een einde te maken aan hun illegale bewoning. Zowel de Raad van State als de civiele rechter erkennen deze inspanningen. De gemeente betreurt dat deze hulp niet heeft geleid tot een oplossing voor de familie. 

Op 4 mei 2017 tijdens een zitting bij de Rechtbank, hebben de gemeente en familie afgesproken dat de familie uiterlijk 1 november 2017 de woonunits verwijdert waardoor de overtreding wordt opgeheven. Ook is tijdens deze zitting afgesproken dat verder uitstel niet meer wordt verleend en dat de familie zelf voor woonruimte zorgt. Als in de loop van november blijkt dat de woonunits niet verwijderd zijn, zorgt de gemeente ervoor dat dit gebeurt.  

Skiednis

Yn 2001 brekke Geart en Afke it âlde hûs ôf en wolle nij bouwe. It earste boubedriuw komt der yn. Der binne boutekeningen dêr't it boubedriuw him neffens de famylje net oan hâldt. Se stappe nei de gemeente en wolle dat dy it kontrolearret. Dat bart net. De famylje giet net akkoart omdat se tinke dat de fundearring op dizze wize net feilich is. It boubedriuw lûkt him werom. Rjochtsaken binne it gefolch, tsjin de oannimmer en de gemeente.
De famylje kloppet geregeld oan by de gemeente, mar neffens de famylje sjocht dy fan alles troch de fingers. Saakkundigen komme yntusken ek del. TNO komt yn 2005 mei in ûndersyk en seit dat de feiligens fan de wenning op termyn net garandearre wurde kin. Der wurde wer nije tekeningen makke en fierdere rjochtsaken oer wa't ferantwurdlik is. 

Grimmitiger

Yn 2012 wurdt in oerienstimming berikt oer de reparaasjewurksumheden. Mar neffens de famylje De Vries is it wer net goed. De gemeente seit lykwols dat it wurk klear is. Wer komme der prosessen. De sitewaasje wurdt hieltyd grimmitiger. De gemeente hat earder al oanjûn dat se wolle dat de famylje út de units giet. It stiet op agraryske grûn en dat mei net. Dat wurdt earder noch keard, mar no liket it derop dat de units echt fuorthelle wurde sille.
Der is no in tredde boubedriuw dwaande mei de flier. Dat komt net ôf foar dizze datum. De famylje wol graach útstel en noch in healjier achter har hûs wenjen bliuwe. Oft se dy tiid ek krije, is de grutte fraach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)