Grut ûndersyk nei drugshannel yn Snits

31 okt 2017 - 15:39

Yn Snits is de plysje tiisdeitemiddei dwaande mei ûndersyk op tsien lokaasjes, dat hat te krijen mei hannel yn drugs en it wytwaskjen fan jild. Der wurdt socht nei drugs, jild en finansjele administraasje. De plysje leit beslach op ûnreplik guod, djoer guod en jild.

It plysje-ûndersyk yn dizze saak is mear as twa jier lyn begûn, nei oanlieding fan it oprôljen fan in himpkwekerij yn Snits. Twa manlju fan 31 en 33 jier út Snits binne tiisdei oanhâlden. Se wurde fertocht fan hannel yn ferdôvjende middels en wytwaskjen. Sa'n 150 plysjeminsken binne belutsen by de aksje en se ûndersykje tsien lokaasjes wêrûnder bedriuwen, wenadressen en in administraasjekantoar. "We zijn bewijzen aan het verzamelen voor de handel in drugs en het wiswassen van geld," seit Jeroen Kiekens fan de plysje. "Meer aanhoudingen sluiten we niet uit."

Bitcoins

Op 3 maart 2015 rôle de plysje in himpkwekerij oan it Kaatsland yn Snits op. Ut it finansjele ûndersyk dat dêrnei folge, waard dúdlik dat de beide fertochten foar 440.000 euro oan bitcoins fersulvere hiene. Beide fertochten moatte ek noch foarkomme foar it meitsjen fan softdrugs. Letter kaam in tredde fertochte yn byld, hy hâlde him dwaande mei yn- en eksport fan harddrugs. Ferline jier yn oktober waard hy yn syn hûs yn Snits oanhâlden, dêrby waarden 65.000 XTC-pillen yn beslach naam. Dêrfoar krige hy trije jier selstraf, hy sit noch fêst.

Jildstreamen

De fertochten wurken mei bitcoins, in foarm fan digitaal jild. In tredde partij wurket dan as in soarte fan wikselkantoar en set de bitcoins om yn euro's. De ûnderlinge hannel yn bitcoins is ûnsichtber, mar it omsetten fan bitcoins nei euro's is wol sichtber. Yn jannewaris 2017 rjochte it plysje-ûndersyk him dan ek op de jildstreamen fia bitcoins. De plysje hopet mei de oanhâlding fan de 33-jierrige Snitser de haadfertochte oppakt te hawwen.

(advertinsje)
(advertinsje)