Fjouwer jier de sel yn foar sjitterij

De rjochtbank yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
In man út Ljouwert moat fjouwer jier de sel yn omdat er hast twa jier lyn yn Ljouwert in oare man delsketten hat. Trije oare fertochten krigen selstraffen tusken de oardel en twa jier. It slachtoffer waard op strjitte besketten, neidat er yn in kapperssaak oan De Tunen yn Ljouwert oanfallen wie troch de fertochten. Oanlieding wie in langrinnende rûzje dat it slachtoffer hie mei in famyljelid fan ien fan de fertochten.
Justysje hie hegere straffen easke, mar omdat it al even lyn is dat it barde, kaam de rjochter ta minder finzenisstraf.