Oarsaak brân sporthal Westermar Burgum is net te finen

31 okt 2017 - 14:19
Sporthal Westermar yn Burgum moat sloopt wurde - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Der is gjin oarsaak fûn fan de brân yn sporthal Westermar yn Burgum. Dat hat de plysje bekend makke. It technysk ûndersyk is klear, mar omdat de brân sa fûl wie, binne der gjin spoaren fan de oarsaak fûn. Ek de ferklearringen fan tsjûgen hat neat opsmiten. De sporthal brânde yn de nacht fan 4 op 5 oktober ôf.

Trefwurden: 
brân Westermar sporthal Burgum
(advertinsje)
(advertinsje)