Oerfal op tankstasjon It Hearrenfean mislearret

31 okt 2017 - 14:13
It tankstasjon oan de Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean - Foto: Srfotografie

In opmerksume meiwurker fan it tankstasjon oan de Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean hat moandeitejûn foarkommen dat hy oerfallen wurde soe. Hy seach op bylden fan de befeiligingskamera's dat in man efter it stasjon in mûtse opsette en der noch wer in kapusjon oerhinne die.

De meiwurker die de doar op slot. Doe't de fertochte fernaam dat de doar net iepen woe, naaide hy út. De fertochte wie yn it swart klaaid en hie in burdsje. De plysje siket tsjûgen. It tankstasjon oan de Falkenawei is yn it ferline al faker oerfallen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)