PvdD: "Ophâlde mei keunstgersfjilden yn Fryslân"

Keunstgers © Henk Bootsma
De Partij voor de Dieren wol dat der in ein komt oan keunstgers yn Fryslân. De oanlis derfan is skealik foar it miljeu, seit de partij. Ut ûndersyk soe bliken dien ha dat de boaiem en it wetter by keunstgersfjilden slim fersmoarge binne troch de rubberkerrels dy't by de oanlis brûkt wurde. Der sit sink en kobalt yn, dat lekt út dy rubbersnippers.
De Partij voor de Dieren fynt dat de provinsje ophâlde moatte soe om de oanlis fan keunstgersfjilden te stimulearjen. Under bepaalde betingsten jout de gemeente der subsydzje foar.