Nije skoalle Friese Poort duorsum en sirkulêr

31 okt 2017 - 13:13

Yn it nije gebou foar de opliedingen foar unifoarmberoppen fan ROC Friese Poort yn Ljouwert is hast alles makke fan brûkte materialen en materialen dy't wer brûkt wurde kinne. En der lizze sinnepanielen op it dak. Dat makket it gebou duorsum en sirkulêr.

ROC Friese Poort stiet op it stânpunt dat de skoalle in foarbyld wêze moat foar jongeren. En dêryn mei yn dizze tiid duorsumens en sirkulariteit net mear ûntbrekke. It fytsehok bestiet út ballaststiennen út it rom fan it yn 2009 ôfbaarnde sylskip Prins Willem. De doarren komme út de flier fan frachtskippen en it dak is belein mei âlde skipslûken. De brêge nei it oefenterrein is makke fan âlde legerpontons. De doarren yn it gebou binne makke fan fluchgroeiend bamboe. Yn en om it hiele gebou binne materialen en ynstallaasjes brûkt dy't yn de takomst útelkoar skroefd en op 'e nij brûkt wurde kinne.

Trefwurden: 
ROC Friese Poort Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)