Sympoasium oer passend ûnderwiis

Der sil altyd in groep bern bliuwe dy't fanwege beheiningen net nei skoalle kin. Dochs binne der yn Fryslân ek tsientallen learlingen dy't net nei in middelbere skoalle gean, wylst dat wol moat. Se krije troch ferskillende redenen gjin saneamd passend ûnderwiis. Skoallen binne ferplichte om ekstra soarch te bieden dy't needsaaklik is foar de learlingen, dêr't it om giet. En om't de gearwurking tusken skoallen, âlden, gemeenten, dy't der foar ferantwurdlik binnen en de jeugdsoarch noch wol wat better kin, is der tongersdei in sympoasium oar passend ûnderwiis.
Foar it sympoasium fan tongersdei op it Nordwin-kolleezje yn Ljouwert is noch plak foar belangstellenden.