Mooglik natuergolfbaan op Skylge

31 okt 2017 - 12:28

Der komt mooglik in natuergolfbaan yn de Hege Dunen op Skylge. De Stichting Natuur Golfbaan Terschelling en Steatsboskbehear wurkje gear mei it ûntwikkeljen fan plannen foar sa'n golfbaan yn it boskgebiet by West-Skylge. It gebiet bliuwt iepenbier tagonklik, mar om romte te meitsjen foar de golfspilers wurdt it fytspaad omlein.

Steatsboskbehear sil tagelyk oan de slach mei in nije ynrjochting fan it gebiet. De inisjatyfnimmers ha fan de gemeente Skylge en de provinsje 50.000 euro krigen om de plannen fierder út te wurkjen. Se sille de plannen op 1 en 11 novimber taljochtsje.

Trefwurden: 
Skylge golfbaan
(Advertinsje)
(Advertinsje)