FIDEO: Meitsje kennis mei Grammostola Rosea

31 okt 2017 - 12:18

Grizelje en minsken bang meitsje. Dêr draait it om mei Halloween, dat hjoed fierd wurdt. It like de redaksje fan Muzyk yn Bedriuw dan ek in goed plan om de eangsten fan presinator Johan Terpstra ris út te testen. Jonathan Leys wurket foar in reptilewinkel yn Ljouwert en hat in 'moaie' ferrassing meinaam nei de studio: in Grammostola Rosea, yn de folksmûle better bekend as de Sileenske fûgelspin. Hy hat acht poaten, is hierrich en fynt it hearlik om oer mingtafels te krûpen. No noch sjen oft Johan it oandoart om it bistje oer de hannen rinne te litten.

Trefwurden: 
Fûgelspin halloween
(Advertinsje)
(Advertinsje)