Twa Fryske gemeenten wolle útstel útwreiding fleanfjild

De gemeenten Weststellingwerf en De Fryske Marren wolle útstel fan it beslút om Lelystêd Airport út te wreidzjen. Neffens de gemeenten is de ûnrêst ûnder de ynwenners grut en nimt it fertrouwen yn de beslútfoarming ôf. Dêrom moat earst de werynrjochting fan it loftrom goed regele wurde, foar't fierdere beslútfoarming plakhat. Dat skriuwe de gemeenten yn in brief oan de minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat.