Demonstraasje foar mear natuerbeskerming

© Aquazoo
Op it Saailân yn Ljouwert is tiisdeitemiddei om tolve oere in demonstraasje foar mear omtinken foar de natuer. Dy is bedoeld om in manifestaasje yn Den Haag krêft by te setten. Dêr wurde fan 'e middei twa petysjes oanbean, om der foar te soargjen dat ynsekten better beskerme wurde.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat de ôfrûne tsientallen jierren trijekwart fan de fleanende ynsekten ferdwûn is. Ynsekten binne fan grut belang foar de natuer. As dy ferdwine hat dat grutte gefolgen foar bygelyks fûgels en oare bisten, mar ek foar de minske. Aksjefierders diele aanst op it Saailân net bespuite túnplanten en biologyske blombollen út.