Protte jeugdhelp net foar it earst

31 okt 2017 - 11:46

Fan de jongeren yn Fryslân dy't it ôfrûne healjier gebrûk makke ha fan jeugdhelp, hat hast ien op de trije earder al help krigen. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Jeugdhelp is nedich by bygelyks psychyske- of gedrachsproblemen, mar ek by jongeren mei in ferstanlike beheining. It kin boppedat ek ferliend wurde oan âlden dy't it swier ha mei it grutbringen.

Yn de gemeente Littenseradiel leit it sifer it heechst fan alle Fryske gemeenten. Dêr komt 41,7 persint fan de jongeren werom foar jeugdhelp.

Trefwurden: 
jeugdhelp Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)