Frysk mediasintrum fan 'e baan

31 okt 2017 - 11:21

It Fryske mediasintrum komt der net. Omrop Fryslân, de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad woene ien platfoarm meitsje om dêr regionaal nijs te bringen. De mediawet ferbiedt lykwols sa'n foarm fan gearwurking tusken publike omroppen en private bedriuwen lykas de NDC, de útjouwer fan de beide kranten. Omrop Fryslân mei gjin jild fertsjinje oan programma's dy't makke wurde mei publyk jild. Oarsom jildt dat ek: De NDC mei gjin jild fertsjinje oan registraasjes fan Omrop Fryslân. As dat al bart soe it Commissariaat voor de Media yngripe.

Direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân fynt it spitich dat de stekker út de gearwurking lutsen is. Ut de lanlike polityk wurdt al skoften oantrune op gearwurking tusken regionale media. Dat soks no stikken rint op de mediawet is dan ek soer. Koster fynt dit in opdracht foar de nije minister fan mediasaken, Arie Slob. Hy soe hjir mei oan de slach moatte. Op it stuit rinne der in oantal gearwurkingsprojekten tusken Omrop Fryslân en de beide Fryske kranten. It giet dan ûnder oare om Finster op Fryslân. Dêr wurde ferhalen makke oer LF2018. Koster wol sjen oft hy op ynsidintele basis mei de NDC gearwurkje kin. Bygelyks by ûnderwerpen oer kulturele haadstêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)