Omrop TIP: fan bosk ta park yn Romte

31 okt 2017 - 11:14

Yn de nije telefyzjesearje Romte wurde fiif ferskillende projekten fan bewenners folge. De ynrjochting fan in buerttún, it ombouwen fan bosk ta park, de terp fan de takomst, it plan foar De Peinder Mieden en in mienskiplike tún. It binne allegearre inisjativen om de omjouwing fan de bewenners moaier te meitsjen. Omrop Fryslân stjoert fan hjoed ôf de searje yn sechstjin dielen út.

Omjouwing opknappe

Yn de earste ôflevering wurde fjouwer projekten yntrodusearre. Sa wurdt yn Snits in buerttún oanlein en wurde de bosken yn Aldeberkeap opknapt. De bewenners fan Blije binne yn tou foar in terp en yn De Peinder Mieden is in groep húseigeners dwaande mei it plan om in natuergebiet foar in part te bebouwen. Yn in lettere ôflevering wurdt ek it inisjatyf foar in mienskiplike tún yn Koudum beljochte. Yn de searje is te sjen wat de bewenners allegearre tsjinkomme by de ûntwikkeling fan de projekten. Wêr wrakselje se mei en wat giet goed?

Friezen oanmoedigje

Mei de searje Romte wolle Landschapsbeheer Friesland en de Friese Milieu Federatie sjen litte dat minsken sels ynfloed hawwe op harren omjouwing. Om oare Friezen oan te moedigen ek oan de slach te gean. De searje moat ek sjen litte watfoar effekt in inisjatyf hat yn it omlizzende gebiet en de kwaliteiten dêrfan. Op Romte.tv wurde de ynwenners fan Fryslân ynspirearre en ynformearre oer hoe’t sy harren eigen omjouwing moaier meitsje kinne.

Romte is fan hjoed ôf alle tiisdeis te sjen fan 18.45 oere ôf. De searje wurdt mei mooglik makke troch de Friese Milieu Federatie, Landschapsbeheer Friesland, Omrop Fryslân en de provinsje Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)