Fryske basisskoallen ha in boupakket fan in robot krigen

31 okt 2017 - 11:09

Alle Fryske basisskoallen hawwe in boupakket foar in robot krigen. It doel is om bern sa op in moaie manier yn de kunde te bringen mei technyk. It idee om alle basisskoallen in robot meitsje te litten komt fan in groep High-tech bedriuwen yn Drachten. By de robot sit in lespakket, dêr't bern mei leare kinne hoe't se de robot programmearje moatte. De bern wurde no útdage om in fideo yn te stjoeren fan hoe't se de robot meitsje of fan wat de robot kin. De aardichste ynstjoering kin noch in robot winne.

Skoallen moatte de filmkes foar 30 novimber ynstjoere fia de Facebookside fan EDU-robotics.

Trefwurden: 
robot basisskoalle
(Advertinsje)
(Advertinsje)