Under de brêge by Dronryp is ferbean gebiet

31 okt 2017 - 10:46
De brêge oer it Van Harinxmakanaal by Dronryp - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De romte ûnder de brêge yn It Heech by Dronryp is oanwiisd as ferbean terrein foar groepen. De provinsje hat dat dien om de oerlêst fan hingjongeren tsjin te gean. Dy feroarsaakje in soad oerlêst mei lûde muzyk en it drinken fan alkohol. De bierfleskes wurde dêrnei op strjitte stikken smiten.

Petearen mei de jongeren en in oprop op Facebook troch doarpsbelang holpen net, wêrnei't it gebiet fia artikel 421 útroppen is ta in ''no go sône.'' De plysje kin mei de maatregel hanthavenje en sil ekstra kontrolearje.

Trefwurden: 
Dronryp brêge It Heech
(advertinsje)
(advertinsje)