Poëzy hat Balk yn 'e besnijing

31 okt 2017 - 10:37

Balk makket him op foar de beneaming fan de 'Dichter fan Fryslân'. Kunstkring Gaasterland hat dêrom gedichten ophongen oan de lantearnepeallen yn it doarp. Yn gearwurking mei Gysbert Japicxpriis-winner Eppie Dam binne sechstjin Fryske gedichten útsocht. Op 24 novimber sil deputearre Sietske Poepjes de 'Dichter fan Fryslân' bekendmeitsje, dy krijt dy titel foar twa jier. De gedichten bliuwe oant de ein fan it jier hingjen.

(advertinsje)
(advertinsje)