Konvenant 'Mei fêste hân' yn Noardeast-Fryslân tekene

31 okt 2017 - 09:46

It fuortset ûnderwiis yn Noardeast-Fryslân moat in feiliger omjouwing wurde, dêr't it brûken fan drank en drugs en gedrach lykas pesten, geweld en oerlêst net foarkomt. Trettjin organisaasjes, wêrûnder de gemeenten en ûnderwiisynstellingen ha moandei it konvenant 'Mei fêste hân' tekene om dat foarinoar te krijen. Ut ûndersyk docht bygelyks bliken dat de jongerein út it fuortset ûnderwiis alkohol brûkt. Bettere foarljochting moat dat tenei foarkomme.

(advertinsje)
(advertinsje)