Kollum: "Tekenje foar in eigen regioregear"

31 okt 2017 - 08:24
  • De Toan fan Willem Schoorstra

"Nei it Katalaanske referindum oer ûnôfhinklikens, tilde it hjir yn Fryslân ynienen op fan de Hollânske sjoernalisten. Allegear woene se witte hoe’t it Fryske folk dêr oer tocht, en oft wy ek ûnôfhinklik wurde woene. Soks wie in trochsichtich strontsykjen. Absurd ek, omdat de sitewaasje yn Kataloanje net te fergelykjen is mei dy fan Fryslân.

Kataloanje is in autonome regio, krekt as de oare 17 regio’s dêr’t Spanje út bestiet. Dy regio’s ha in eigen parlemint en in eigen regearing. Oant op beskate hichte kinne se harren eigen koers bepale. Sa kin der bygelyks op skoallen Katalaansk jûn wurde, in gegeven dat de bining mei de regio behoarlik fuortsterket. Mar as de Katalaanske regearing it beslút nimt om it bollefjochtsjen te ferbieden, wurdt dat troch it Spaansk gerjochtshôf skrast omdat it neffens de rjochtbank in part fan it Spaansk kultureel erfgoed is…

Afijn, autonomy, dus. Dat hat Fryslân net. Wy ha hjir gjin eigen parlemint en gjin eigen regearing. Us sitewaasje is folslein oars as dy fan Kataloanje, en dus wie it freegjen nei ûnôfhinklikens suggestyf en rûnút belachlik. Yn alle gefallen is it sa dat Kataloanje mear wol. Net allinne autonomy, mar it wol sels in steat foarmje. Dat wol it al hiel lang, mar oant foar koart keas Madrid derfoar om de oare kant út te sjen en de lûden oer ûnôfhinklikens te negearjen. Mei fan gefolgen dat de geast no út de flesse is.

De kwestje ferdielt it lân, ferdielt de Katalanen en ferdielt sels gesinnen. Der binne tal flaters makke wurden yn it hiele proses. Madrid hie fansels folle earder harkje moatten nei de bytiden legitime easken fan de separatisten. Op ’e dei fan it referindum hat premier Mariano Rajoy dom bezich west troch geweld te brûken. Net allinne dom trouwens, mar ek beskamsum. Krekt as syn politike tsjinpoal, de Katalaan Puigdemont, manoeuvrearre er him yn in hast ûnmooglike posysje. Sa’t it no liket wurde it beide tragyske semy-helden yn in drama dêr’t de konsekwinsjes noch net fan te oersjen binne.

Omdat de Katalaanske regearing troch har beslissing tsjin de grûnwet fan Spanje yngie, koe Rajoy net oars as yngripe. Dat die er ôfrûne freed troch artikel 155 fan de wet yn te setten, in machtsmiddel dat it sintrale gesach it foech jout om yn dit gefal de Katalaanske regioregearing oan de kant te skowen en nije ferkiezingen út te skriuwen. Madrid krijt sa yn de tuskenlizzende tiid it sizzenskip oer de regionale finânsjes en de plysje, en sille it foech fan it regioparlemint slim beheine. Bam. Allegear ferliezers. Want wat bliuwt is it foarútsjoch fan in slepende kwestje dy’t desennia oanhâlde kin, mei faak slimme gefolgen.

Trouwens: ik soe tekenje foar in Nederlân fan autonome regio’s, mei in eigen regear en dito parlemint. Soks soe in gruttere lokale ferantwurdlikens en frijheid betsjutte om de oerheid te organisearjen foar dyselde lokale sosjaal-ekonomyske behoeften. It soe it belied transparanter meitsje en de kleau tusken boarger en polityk lytser. Dêrtroch soene politisy ek earder ta ferantwurding roppen wurde kinne. Wat tinkt jim?"

(advertinsje)