Selsstannich wenjende âlderein yt temin

31 okt 2017 - 07:25

It is in grut probleem ûnder selsstannich wenjende âlderein: temin ite. Ut ûndersyk docht bliken dat 10 oant 35 persint fan de 65-plussers deis net genôch iten krijt. Oanlieding foar it projekt 'Goed gevoed ouder worden' om yn petear te gean mei de âlderein oer harren itenspatroan. Ek yn Fryslân gie in projektgroep fan ferskate organisaasje mei de âlderein om tafel. It projekt besocht út te finen hoe't it krekt kin dat in part fan de âlderein net goed en genôch yt. Ek waarden mooglike oplossingen betocht foar de itensproblematyk by âlderein.

Trefwurden: 
iten âlderein
(Advertinsje)
(Advertinsje)