Drankrider mei auto op it fytspaad

Miksdrank © Omrop Fryslân
In 65-jierrige drankrider is moandeitejûn troch de plysje Ljouwert oanholden om't hy mei syn auto oer it fytspaad ried. De plysjes seagen de man mei syn auto oer it fytspaad lâns de Henri Dunantwei riden en setten him oan de kant. Al gau die bliken dat de man tefolle drank op hie. Hy krige in rydferbod en der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.