Ferwûne by De Langelille, auto op 'e kop

31 okt 2017 - 06:58
Foto: De Vries Media

Nei in botsing mei in beam lâns de Langelillewei yn De Langelille is moandeitejûn in bestelbuske op it dak telâne kaam. De bestjoerster rekke ferwûne. Hoe't it ûngelok barre koe is net bekend. De frou wist earder al in pear beammen krekt te ûntwiken. Meiwurkers fan de ambulânse ha help jûn, de ferwûningen fan de frou binne net bekend. Foar it buske is in berger oproppen.

Trefwurden: 
ûngelok De Langelille
(Advertinsje)
(Advertinsje)