Ljouwert mei him tenei Fairtradegemeente neame

30 okt 2017 - 22:40
Fairtradekofje - Foto: ANP

De gemeente Ljouwert mei him fan moandei ôf offisjeel Fairtradegemeente neame. Neffens de sjuery foldocht Ljouwert oan de seis stelde kritearia fan de Fairtradekampanje.

Ferskate saken waarden beoardiele, lykas de lokale wurkgroep, it gemeentebestjoer en winkels en hoareka. It beheljen fan de titel Fairtradegemeente waard moandeitemiddei feestlik oankundige yn it Ljouwerter stedhûs. Wethâlder Friso Douwstra en de foarsitter fan de Fryske wurkgroep sprutsen dêr oer hoe't de titel ta stân kaam is.

Trefwurden: 
Ljouwert Faitrade
(Advertinsje)
(Advertinsje)