Jong Hearrenfean wint mei gemak fan Jong NAC

30 okt 2017 - 22:36

De beloften fan Sportklup Hearrenfean hawwe moandeitejûn in ienfâldige oerwinning pakt yn it duel mei Jong NAC. Yn Brede waard it úteinlik 3-0 yn it foardiel fan de Feansters. Doelpunten wienen der foar Pelle van Amersfoort, Nemanja Mihajlovic en Henk Veerman.

Doelman Warner Hahn makke moandeitejûn syn rentree by Jong SC Hearrenfean. De keeper rûn twa moanne lyn in skouderblessuere op yn it duel mei FC Groningen.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)