Tal bisten yn de Noardsee mei tritich persint tebekrûn

De Noardsee by Flylân © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It tal bisten yn de Noardsee is de ôfrûne 25 jier mear as tritich persint tebekrûn. Dat docht bliken út ûndersyk fan it CBS. Neffens it buro komt de delgong fan it tal bisten foar it grutste part troch de sleepnetfiskerij. Benammen mei de skulpdieren, kreeften en seestikelbargen giet it de lêste jierren min. It tal seefisken en seefûgels feroare yn de lêste 25 jier hast net.
Yn trochsneed binne de 140 diersoarten dy't yn de Noardsee foarkomme mei mear as tritich persint tebekrûn. De fiskerij is foar it grutste part ferantwurdlik, mar ek klimaatferoaring spilet mei. Yn de Waadsee en oan de kust is it byld oars, dêr is fan echte efterútgong yn oantallen gjin sprake.