Bûterhistoarje Balk komt werom yn audio-bûtertoer

30 okt 2017 - 22:32

Balk moat der fan takom jier septimber ôf in nije attraksje by hawwe. As alles slagget, kinne toeristen en Balksters dan in bûtertoer rinne troch it doarp. De bûtertoer hat as doel om in stik fan de histoarje fan Balk en dan benammen de sintrale rol dy't bûter dêryn spile hat, sjen te litten. De kuiertocht rint langs ferskate huzen fan bûterkeapmannen en ek lâns it plak dêr't eartiids de bûterwaach hâlden waard.

De bûtertoer sil bestean út audiofragminten en filmkes. Hy is betocht troch Engelien en Wietse Bouma, útbaters en eigenaren fan it Bûterhûs út 1633. Nei in flinke renovaasje yn 2015 wurdt dat tsjintwurdich brûkt as VVV-kantoar en as bêd en brochje.

Om it hiele plan foarelkoar te krijen is sa'n 18.000 euro oan subsydzje nedich. Dy wurdt oanfrege fia it Histoarysk Wurkferbân Gaasterlân. De toer moat takom jier op monumintedei, de twadde tiisdei fan septimber, útein sette. Belangstellenden kinne de toer fergees ophelje mei in app op de telefoan.

Trefwurden: 
Bûtertoer Balk
(Advertinsje)
(Advertinsje)