Ritse krekt net Holland's Next Top Model

30 okt 2017 - 22:01

Ritse de Jong (17) út Balk is krekt net Holland's Next Top Model wurden. De finale fan it RTL5-programma wie moandei. It waard noch spannend, want Ritse siet by de lêste twa. Winner waard Montell. Dit jier mochten foar it earst ek jonges meidwaan oan de modellewedstriid. Ritse hat it hiele seizoen eins net yn de gefaresône sitten. Hy prestearre oer de hiele liny goed, as in sterke en nuchtere Fries. Der siet ek noch in Frysk tintsje oan de show. Ritse joech it sms-nûmer dat stimmers foar him brûke moasten, troch yn it Frysk.

Ferline jier waard Friezinne Akke Marije út Boarnwert útroppen ta Holland's Next Top Model.

(Advertinsje)
(Advertinsje)