'Biodiversum' om ynsekten optimaal plak te jaan

30 okt 2017 - 21:11

By ferskate natuergebieten yn Fryslân wurde ynkoarten saneamde biodiversums oanlein. Dat binne gebieten dêr't besocht wurdt de biodiversiteit optimaal ta syn rjocht komme te litten. Dat is wichtich, om't it al in skoft net goed giet mei it tal ynsekten yn de natuer. Ekologen en natuerorganisaasjes meitsje harren grutte soargen, om't ynsekten wichtich binne foar de natuer en de omjouwing dêr't minsken yn libje.

De biodiversums moatte ûngefear hûndert by hûndert meter grut wurde. Wichtichste doel is de fariaasje oan ynsektesoarten yn stân te hâlden. It plan komt fan ekolooch Eduard Peter de Boer. Yn gearwurking mei natuerorganisaasje It Fryske Gea giet hy de kommende tiid oan de slach om de biodiversums te realisearjen.

Trefwurden: 
biodiversum natoergebieten
(Advertinsje)
(Advertinsje)