"FNP-deputearre moat Frysk yn portefúlje hawwe"

De FNP hie yn Deputearre Steaten de portefúlje Fryske taal absolút hawwe moatte. Dat soks yn de ûnderhannelingen mei de VVD, CDA en de SP oars rûn is, en dat it CDA it Frysk krigen hat, hat in grutte flater west. Dat seit FNP-foarsitter Cees van Mourik yn polityk programma It Polytburo op Omrop Fryslân Telefyzje.
Hieltyd mear skoallen yn Fryslân krije in ûntheffing foar it jaan fan Frysk. Dat hie mei in FNP-deputearre foar de Fryske taal net bard, seit Van Mourik. De FNP-foarsitter tinkt dat syn partij profitearje sil fan it te ferwachtsjen ferlies fan de PvdA. Neffens him moat it yn prinsipe mooglik wêze fan de FNP de grutste partij fan Fryslân te meitsjen. Van Mourik sei fierders dat, as syn partij de kommende twa jier by de ferkiezingen gjin groei fertoant, er opstappe sil.