Grutte belangstelling foar Sinnegreide Bûtenpost

30 okt 2017 - 19:29

Omwenners, pleatslike ûndernimmers en minsken mei ynteresse foar sinne-enerzjy kamen tiisdei manmachtich nei in ynformaasjegearkomste oer de Sinnegreide dy't by Bûtenpost komme sil. Dat is in greide mei sinnepanielen. Yn it gemeentehûs fan Achtkarspelen liet it bedriuw Solarfields dat it sinnepark ûntwikkelet, sjen hoe it park der út komt te sjen en hoe't it ynpast is yn de omjouwing. Bedriuwen út de regio koene harren melde as mooglike partners by de oanlis, lykas grûnferset, grienfoarsjenning, oanlis fan diken en ICT-foarsjennings.

De sfear by omwenners en ûndernimmers wie optimistysk. De ûntwikkeling fan soksoarte parken jout mooglikheden en kin goed ynpast wurde yn it lânskip, sa wie te hearren.

Trefwurden: 
Bûtenpost sinnepanielen
(Advertinsje)
(Advertinsje)