Twadde Keamer: "Boatkaartsjes moatte net djoerder"

Fearboat Oerd fan Wagenborg © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Hast alle partijen yn de Twadde Keamer wolle dat de oertochtkaartsjes nei de Waadeilannen net djoerder wurde. Se fine dat steatssekretaris Snel dêr syn uterste bêst foar dwaan moat en hawwe dêrom fragen steld oer de saak. Yn it nije Belestingplan stiet dat de btw omheechgiet nei 21 prosint. Rederijen moatte dat taryf betelje foar de oanskaf en it ûnderhâld fan skippen. Oant no ta hoegden se hielendal gjin btw te beteljen. De EU hat Nederlân dêrfoar op de fingers tikke, want de frijstelling jildt inkeld foar kommersjele skippen op folle see, en net foar de Waadsee-oerfarders.
De rederijen sille de btw-ferheging trochberekkenje oan de fargasten, sa ferwachtsje de Keamerleden. Benammen bewenners fan de Waadeilannen binne dêr de dupe fan. De foarige steatssekretaris Wiebes hie him ek al bûgd oer de saak, omdat der earder Keamerfragen west hawwe oer de boatkaartsjes. Rederijen kinne de btw inkeld ôflûke as se sels ek btw rekkenje oan harren klanten. Yn dat gefal soe in kaartsje 6 prosint djoerder wurde, nei it btw-taryf binnenlânsk ferfier. Steatsekretaris Snel jout takom wike antwurden op de fragen fan de Keamerleden oer dizze saak.