IM easket wurkstraf en sel ûnder betingst foar Issa K.

30 okt 2017 - 16:46

Yn de rjochtsaak tsjin Cambuurfuotballer Issa K. hat it Iepenbier Ministearje 240 oeren wurkstraf, twa dagen sel en in selstraf fan fjouwer moannen ûnder betingst easke. K. (21 jier) wurdt derfan fertocht dat er seks mei in minderjierrich famke hân hat. Dat barde twa jier lyn doe't er noch net foar Cambuur spile. Hy stie doe by FC Utrecht op de leanlist. Mei K. stiene noch fiif manlju foar de rjochter foar seks mei it famke.

De saak kaam út doe't K. mei har trappearre waard yn in auto. Se wie doe 14 jier. Hoewol't it der neffens de rjochter op liket dat de seks fan beide kanten op frijwillige basis wie, is dat mei in minderjierrige wol strafber. K. sei noch dat hy tocht dat it famke âlder wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)