Oanpaste NAM-stúdzje maksimale delgong Waadseeboaiem

30 okt 2017 - 16:21

De Nederlandse Aardoliemaatschappij (NAM) hat in ferbettere stúdzje nei de effekten fan de gaswinning yn de Waadsee op 'e tiid ynlevere. It Staatstoezicht op de Mijnen fûn in stik dat earder ynlevere wie, net goed genôch. Dêr koe de delgong fan de Waadseeboaiem net mei berekkene wurde. De NAM riskearre in twangsom fan op syn heechst trije miljoen euro as se foar 1 novimber net mei in bettere stúdzje komme soe. It nije stik moat noch wol goedkard wurde troch het Staatstoezicht op de Mijnen. 

It ûndersyk moast oer, omdat mei dy eardere stúdzje de delgong oer langere tiid net foarsein wurde koe. Sadwaande koe ek net bepaald wurde oft de delgong binnen de fêststelde grinzen bliuwt. Wat by de delgong ek meitelt, is dat dy wer wat opheft wurdt troch de ôfsetting fan sân of klaai. Dat is no wol meinaam en dat betsjut dat de delgong troch gaswinning by de Sâltkamperlaach net mear as 5 mm yn it jier wêze mei en by it Pinkegat net mear as 6 mm. 

As de útkomsten fan de nije stúdzje oanjouwe dat de effekten fan de gaswinning oer langere tiid negatyf of ûnwis binne, dan kin de minister de winning oanpasse of stillizze.

Trefwurden: 
NAM gaswinning
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)