FIDEO: Utstalling oer Anne Frank yn Ljouwerter finzenis
Yn de finzenis yn Ljouwert is de kommende twa wike in eksposysje oer it libben fan Anne Frank. De eksposysje is troch en foar finzenen. Acht finzenen hawwe in kursus folge foar gids en liede de oare finzenen rûn. Ek komme der wat groepen del fan bûtenôf, lykas skoalbern. It doel is om foaroardielen fuort te nimmen.
De eksposysje bestiet út in grut ferskaat oan foto's en ferhalen oer it libben fan Anne Frank.