Doarpsplein Beetstersweach wurdt bij-freonlik makke

30 okt 2017 - 15:38

It roer moat om, oars komt it op 'e kop ferkeard mei de ynsekten en dêrmei ek mei de natuer. Mei dat boadskip wurde tiisdei twa petysjes oanbean oan de Twadde Keamer. Beide petysjes binne in reaksje op Dútsk ûndersyk dêr't út bliken docht dat it tal ynsekten dramatysk weromrûn is de ôfrûne jierren. Om dat te kearen moat de yntinsive lânbou omskeakelje nei in natuerliker foarm en moat by alle werynrjochtingen rekken hâlden wurde mei in goed plak foar ynsekten.

Om de ynsekten te helpen wurdt it doarpsplein fan Beetstersweach no bij-freonlik makke.

Trefwurden: 
bij Beetstersweach petysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)