Allefriezen krijt seis gemeentlike befolkingsregisters derby

© www.allefriezen.nl
Minsken dy't stambeamûndersyk dogge, kinne tenei ek de befolkingsregisters fan de gemeenten Gaasterlân, Harns, Hinnaarderadiel, It Bilt, Menameradiel en Tytsjerksteradiel ynsjen. Dy binne te finen fia de webside www.allefriezen.nl. Dêr kinst sjen wat yn Fryske gemeente-argiven te finen is oer alle Friezen dy't yn de provinsje berne, troud of stoarn binne.
Op de site stean de gegevens fan goed trettjin miljoen foarâlden, fan de 16e iuw oant begjin jierren '60 fan de foarige iuw. Ynkoarten komme de befolkingsregisters fan de gemeente Hearrenfean der ek by.