Burgum Mobyl rint as in trein

30 okt 2017 - 14:25

Yn Burgum wurde alle wiken mear as hûndert ritsjes makke yn de Burgum Mobyl. It inisjatyf bestiet no goed in jier en hat as doel om âldere en minder mobile minsken sa lang mooglik dielnimme te litten oan de maatskippij. Belangstellenden kinne fan tiisdei oant en mei sneon yn ien fan de twa Burgum Mobyl auto's in ritsje meitsje fan ien euro. Mooglik komt de moandei der ek noch by. Fyftich frijwilligers fersoargje de ritten.

De Burgum Mobyl rydt allinnich yn Burgum en is dêrom neffens foarsitter Peter van de Hoef gjin konkurrint foar taksyferfierders. De Burgum Mobyl wurdt benammen brûkt troch âlderen, toeristen en minsken fan it asylsikerssintrum. Guon brûkers binne der sa wiis mei dat se wat meinimme. "Na de boodschappen hebben ze bij de cafetaria koffie gedronken en dan nemen ze een kroketje mee voor de chauffeur. Dat zegt wat over de waardering."

Der ûntsteane hieltyd mear inisjativen wêrby't bewenners elkoar ferfiere tsjin in lytse fergoeding. De Ljouwerter fraksje fan de VVD wol dat der ek sa'n service yn Ljouwert komt.

Trefwurden: 
Burgum Mobyl Burgum
(Advertinsje)
(Advertinsje)