Harnzer foar rjochter foar mishanneling

30 okt 2017 - 14:15

In 20-jierrige Harnzer stie moandei foar de plysjerjochter. Hy wurdt fertocht fan in mooglik slimme mishanneling. Yn febrewaris soe er op de krusing fan it Franekereind en de Heiligeweg in learling fan de Maritieme Academie slein en trape ha, ûnder oare tsjin de kiel. It slachtoffer waard troch meilearlingen nei de húsfêsting fan de Maritieme Academie brocht. De jonge rekke in pear kear út de tiid en hie problemen mei sykheljen. Hy soe reanimearre wurde om't er in pear kear in hertstilstân hie. De ambulânse hat west, mar naam de jonge net mei nei it sikehûs. Neffens in dokter wie dat opfallend, sjoen de ferwûningen.

Neffens de advokaat fan de fertochte soenen de fysike ferskynsels fan it slachtoffer ek goed passe kinne by in alkoholfergiftiging. Alle belutsenen hienen dronken. Hy pleitet foar frijspraak, krekt as offisier fan justysje. De fertochte ûntkent dat er ferantwurdlik is foar de mishanneling. Wol hat ien him werkend dy't by him op skoalle sitten hat, mar net alle tsjûgen binne heard. De fertochte is nei it ynsidint nei de húsfêsting fan de Maritieme Academie gien, nei't er hearde dat er as dieder yn byld wie. Dêr soe er praat ha mei de boatsman. Dy is noch net heard as tsjûge.

De plysjerjochter hat de saak foar ûndersyk trochferwiisd nei de rjochter-kommissaris. Dy sil tsjûgen oproppe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)