Ljouwerter plysje hellet twa drankriders fan 'e dyk

Rydbewiis © ANP XTRA
De plysje yn Ljouwert hat sneintejûn noch twa drankriders fan 'e dyk helle. In 31-jierrige Ljouwerter waard sneintejûn trappearre op de Túnboustrjitte. Ut ûndersyk die bliken dat de man boppedat sûnder jildich rydbewiis ried. Dat wie net jildich ferklearre nei't de man earder mei drank op achter it stjoer siet. Der binne twa prosessen-ferbaal tsjin him útskreaun.

In 66-jierrige drankrydster botste sneintejûn op de Stasjonswei tsjin in oare auto. Der rekke net ien ferwûne, mar dizze frou hie ek gjin rydbewiis en ek tsjin har is proses-ferbaal opmakke. In 65-jierrige frou moast sneintejûn mei de ambulânse nei it sikehûs, om't se ûnder ynfloed fan drank op de Stasjonswei fallen wie. De frou kaam mei har holle op de stoepe telâne.