Frachtskip fêstrûn boppe Dútsk Waadeilân
Rykswettersteat hâldt de sitewaasje mei in frachtskip sûnder lading skerp yn de gaten dy't foar it Dútske Waadeilân Langeoog fêstrûn is. Neffens Dútske media is it frachtskip 'Glory Amsterdam' sneintejûn fêstrûn yn de Dútske Bocht krekt boppe Langeoog. Dat kaam troch it stoarmige waar op de Noardsee. Moandeitejûn healwei achten sil by heechwetter besocht wurde om it 225 meter lange skip wer los te krijen. De 22 minsken oan board fan it skip binne net ferwûne rekke. Om't it skip 1.800 ton oan eigen oalje en disel oan board hat, is Rykswettersteat wach om yn aksje te kommen. "We hebben meerdere scenario's doorgesproken die kunnen gebeuren met dit schip," seit wurdfierder Tim Nouwens fan Rykswettersteat.
In fleantúch fan de autoriteiten yn Cuxhaven hat yn 'e omkriten fan it skip flein om te kontrolearjen oft it skip ek oalje lekt. Dat is oant no ta net oan 'e oarder sa meldt it Dútske Welt N24. "Er zijn onderling internationale afspraken die bij een situatie als deze toegepast kunnen worden. We kunnen onze Duitse collega's op ieder moment bijstaan."
UPDATE: De berging giet dreech, want it wetter is te ûndjip. It is noch net bekend wannear't it skip flot lutsen wurde kin. It skip leit op in sânbank. Dy ynhâld is noch net fuortlekt. De wyn hat him wat deljûn nei wynkrêft 7. De 22 bemanningsleden oan board krije medyske help, se binne seesiik. De Glory Amsterdam fart ûnder de flagge fan Panama en is eigendom fan in rederij út Singapore.
Ferkearsbegelieding
Boargemaster De Hoop fan It Amelân pleitet al jierren foar in soarte fan ferkearsbegeliedingssysteem, krekt as yn de loftfeart. "Als je ziet dat het barst van de schepen tijdens zo'n storm, dan is verkeersbegeleiding wel nodig. Nu kan de kapitein zelf zijn koers bepalen en de Kustwacht kan alleen ingrijpen als er iets aan de hand is. Dat kan dus niet preventief. In Rotterdam en bij de Orkney-eilanden bestaat zo'n verkeersbegeleiding ook. Dat zou op de Waddenzee ook moeten. " It probleem is dat meardere lannen oer it wetter geane en dat dat ôfspraken dreech makket.