Auke Rauwerda slút ein dit jier legindaryske winkel Ljouwert

In ferhuzing fan in jier hat de winkel fan Auke Rauwerda yn Ljouwert pland. It giet om de winkel oan de Westerplantage yn it sintrum fan de stêd dy't ein dit jier slút. Reden is it hieltyd minder berikber wurden fan de winkel op dat plak. Nei goed tachtich jier komt der dan in ein oan de winkel fan Auke Rauwerda yn de binnenstêd.
De winkelfoarried, fariearjend fan skroefkes en moerkes oant oaljelampen en waskrekken, wurdt oerbrocht nei it al besteande filiaal oan de Celsiuswei yn Ljouwert. Foar de ferhuzing is in jier útlutsen, om't de winkel fan ûnderen oant boppen fol mei ark stiet.