Drankrydster rydt Ljouwerter oan

30 okt 2017 - 11:58
Alkoholkontrôle - Foto: ANP

In drankrydster (68) út Ljouwert trape sneintemiddei by de stopljochten fan de Grinzerstrjitwei mei de Anne Vondelingwei te let op de rem. Sy botste hjirtroch fan achteren op de auto fan in 42-jierrige Ljouwerter. De plysje liet de frou blaze en stelde fêst dat se tefolle drank hân hie. De frou krige in rydferbod fan fiif oeren en in proses-ferbaal.

In 17-jierrige jongedame waard justjes letter op de Tijsmawei betrape op it riden yn in auto. It famke koe - fansels - gjin rydbewiis sjen litte. Ek sy krige in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
drankrydster ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)