Trije Fryske restaurants op ranglist Lekker 2018

Restaurant De Heeren van Harinxma yn Beetstersweach is mei it 40ste plak de heechste Fryske notearring yn de ranglist Lekker 2018, de top 100 fan bêste restaurants. It restaurant, ûnderdiel fan hotel Lauswolt, gie yn fergeliking mei 2017 ien plak omheech op de list. Restaurant Elevé yn it WTC hotel yn Ljouwert gie fan plak 59 nei 53. It Havenmantsje yn Harns sakke fan it 70ste plak nei nûmer 76. De Librije yn Zwolle naam it kopplak fan de list oer fan Inter Scaldes yn Kruiningen.
Michelin
"Het is een mooie bekroning voor het team," seit Marc van Gulick fan Lauswolt. "We zijn de beste van Friesland. Natuurlijk staan er 39 restaurants boven ons, maar daarvan zijn een paar van de buitencategorie, zoals De Librije. Daar kunnen we niet aan tippen, daar zijn we een ander bedrijf voor." Yn desimber komt de gids fan Michelin út. "We hebben een goed jaar gedraaid met goede kwaliteit. Ik ga ervan uit dat dat wel goed komt."