Graafmasine en brânwacht helje hynder út sleat by Burgum
In hynder hat moandeitemoarn in oere yn in sleat by de Menno van Coehoornweg yn Burgum lein. De brânwacht wie frege om te helpen om it bist wer op de wâl te krijen. Dat slagge úteinlik mei in graafmasine. It hynder hat neat oan it aventoer oerhâlden.